Oebke Grou

Gerard van Maasakkers

Ik sil jim ris wat sjonge: it is oer Oebke Grou
Hja wenne hjir yn't doarp, yn in húske efteróf
Hja dronk, en hja stonk, en har hûnen like sa,
Mar Oebke kleie nea: it wie goed; sa woe hja 't hawwe

It nijs seach hja net, dêrfan hie hja gjin ferlet
En de lju dy seinen allegear:  Oebke dy is wat nuver hear.
En hie Oebke wat snobbersguod, dan tochtest by dysels fan "Ba!
Wa wit hoe lang dy yn har fieze jakje sitten hawwe"


It wie op in tongersdei, dat de buorlju kamen en klagen
By de plysje, om't: De hûnen dy hienen sa'n leven, sûnt twa dagen
It plysjehaad dy die der wat oan; hy stjoerde plysje Terlea
Dy fûn dêr Oebke Grou; hja lei al dagen dea.

It nijs ier en it nijs let, dy hienen fan sa'n ferhaal ferlet,
Dat de lju dy seagen allegear: dat mei Oebke dat wie nuver hear
En doe't hja troch de hûs gongen, leien yn't laad fan it dressoir
Sântsjen rôltsjes pipermintsjes, kreas njonken elkoar.

Frisian lyrics by Mysha, after the Brabantian song "Cis Verdonk" by Gerard van Maasakkers.


last modified 8 February 2017; last updated 8 February 2017

Valid HTML 4-01 Transitional Valid CSS 2-1