It Lân fan de Marren

Och Tryntsje, de stêd Amsterdam is een pracht,
En de lju hjir dy wurkje gâns de dei en hiel de nacht.
Se haw gjin kij in de greiden; der wurdt gjin nôt ferboud,
Mar se grave yn ploegen yn 'e strjitten nei goud.
Alteast, doe't ik frege, waard dat sein tsjin my,
Dat no haw ik ek wurk socht yn dy goudgraverij.
Mar foar al wat ik fûn ha, gie ik better werom nei
It Lân fan de Wâlden, de Marren en de Klaai.

Ik mien dat yn dyn brief lêst in fraach fan dy stie,
Nei wat of de moade yn 'e stêd dan wol wie.
No, asto dit lêst, dan tinkst grif: "Dy liecht stiif!";
Mar de moade yn 'e stêd hat hast neat om it liif.
Ik haw it sels sjoen, sit in frommes foar it rút,
Dan hat se, ik sis it dy, hast alles út.
Nee, sa'n mode, myn Tryntsje, doch dêr net oan mei,
Yn it Lân fan de Wâlden, de Marren en de Klaai.

Ik haw de keningin sjoen, wylst ik op in bus stie,
By it Paleis op 'e Daam, dêr't sy in feest hie.
En al kom ik fan hús út ek út in read nêst,
Dochs haw ik har tajûge, krekt as de rêst.
Och, hja docht no ús stêden geregeldwei oan
En hja hat sels ek foarfarren by ús út it lân.
Dat, sa besjoen, komt hja ek by ús wei,
Ut it Lân fan de Wâlden, de Marren en de Klaai.

Kinst fansels Aage fan Jelmer noch wol,
No, dy is hjir sa'n bitsje de baas fan it spul.
Ik haw him niis sjoen, it wie op it Rokin:
Ik stuts oer, en mei ien hân hold er eltsenien tsjin.
En dêr stienen wy en praten fan it Heitelân
en de lju út de stêd dêr, dy seagen it oan.
Mar al hat er dy macht, doch langet er nei
It Lân fan de Wâlden, de Marren en de Klaai.

Oh, der bin' prûze jongfammen hjir, dat ha'k wol sjoen,
mei figueren: dy hat de natoer har net jûn.
En mei'n antlit as in roas dy't leit op 'e snie.
Mar Aage fan Jelmer sei dat it sa wie
Dat wa't mar besiket en fan sa'n roas priuwt
Fernimt dat de kleur op syn lip efterbliuwt.
Nee, dan leaver de Greideroas dy wachtet nei de dei
Dat ik werom kom nei de Wâlden, de Marren en de Klaai.

Lyrics by Mysha; music traditional (Carrigdon).
The song is a translation of Percy French' The Mountains of Mourne.


last modified 8 Februari 2017; last updated 8 Februari 2017

Valid HTML 4-01 Transitional Valid CSS 2-1