Foar de Wide See

Der wie ris in seeman; dy wenne by de slûs
De see, de see, de wide see
En wie der dan op see dan wie der tiden lang fan hûs
Foar de see, de wide see

En wie der dan op reis nei oeral op'e wrâld
...
Dan wie syn wyf allinne, sa iensum en kâld
...

Hy wie ris sa lang fuort, it like hast in jier
...
Dat syn wyf fûn in oar en gong dêrmei oan 'e swier
...

It skip dat kaam werom: it lei kwalik yn 'e slûs
...
Of de seeman dy fûn der wie in oar yn syn hûs
...

Wat moat dat mei dy keardel hjir yn 'e hûs mei dy
...
Witsto net mear datsto boaske bist mei my
...

Wat haw ik oan in man dy't der moannenlang net is
...
Bist altyd ûnderweis op it skip as ik dy mis
...

De see dy is myn libben; dêr kin ik neat oan dwaan
...
Mar, sis my wat ik doch datso my wer hawwe wolst as man?
...

Gean do wer nei it skip, en far dan foar altyd út,
...
Of bliuw foar altyd by my. Sis wat is dyn beslút.
...

No dat wie lûd en klear, dat daalks de oare deis
...
Gong de seeman foar altyd mei it skip op reis
...

Och froulju fan de wâl, byn in seeman dochs net
De see, de see, de wide see
Der is mar plak foar ien yn de seeman syn hert
Foar de see, de wide see

Written because I couldn't find a Frisian shanty, yet did want to have one in my repertoire.


last modified 20 February 2016; last updated 20 February 2016

Valid HTML 4-01 Transitional Valid CSS 2-1