Blue Peter Eigenaardich, Nuveraardich

De lju seagen nei my, wêr at ik ek stie
Dat ik frege in jonkje wat of der dan wie
Jo hawwe ien blauwe sok en ien grienen oan, menear
It is eigenaardich, ja wis nuveraardich
Mar doe't ik thus kaam doe hie ik dêr noch krekt sa'n pear

Ik wurkje alle dagen, dat heart der sa by
Mar dochs bliuwt der alle moannen minder jild oer foar my
Haw ik in gat in 'e ponge, of sa?
…
It regear sei "Mear útjaan"; hoe woenen se dat hawwe?

Foar Ljouwert is ien haadstêd te wêzen net genôch
Se wurde haadstêd fan Jeropa, mei al dat gedoch
Mar it moat toeristen lûke, ien grut feest moat it wurde.
…
Mar komme de lju wier, of kin Ljouwert it wer "skudde"?

Simmertiid en wintertiid: ik wit net wêrom't dat is
Klokje foarút klokje efterút, en gauris is it mis
Mar ik haw it no fûn, ik doch der altyd in oere by
…
It ienichste is: It is fiif oere nachts foar my

De Ofslutdyk dy lei der fiifensantich jier fredich
Mar dat kin no net mear, nee: feroaring is nedich
Foar de fisk, it toerisme, de enerzjy, it is net mis!
…
Mar, is der ien dy't noch wit wêr't dy dyk eins foar is?

Der moatte kij fuort, is it ier of is it let.
Mar de ien dy seit fan al, en de oar dy seit fan net.
En de boer hat it no dien, "om't elts it witte koe"
…
Mar de kij dy hawwe gelyk: Dy ropje inkeld "Boe!"

Grutte Pier dy sei: "Bûter, brea en griene tsiis;"
en wa't dat net sizze koe, dy wie gjin oprjochte Fries.
Mar yn Ingelân wurdt "Butter, bread and green cheese" ek sa sein
It is eigenaardich, ja wis nuveraardich
Hâldt Fryslân yn it westen dan earst op by Lânsein?

It is eigenaardich, ja wis nuveraardich
Ik hoopje, it wie it aardich, mar dit is de ein.



Yn 'e stêd binne de huzen ta winkels ferboud
Mar dy steane no leech, de lju bin' krisis-benaud
Mar fan in winkel wer in hûs, hast net ien noch dy't dat die
…
Wy bouwe hûnderten nije huzen, dêr't noch greidelân wie.

Dêr yn Bakkefean, hoe mal kin it soms wêze
Binne lju, dy't kin't Frysk net prate of lêze
Hja wolle it ek net hearre, no Tsjoch op Frysk Bloed!
…
Mar hja sizze, "Praat no dyn memmetaal, dan komt it dochs goed"


A song to comment on things that irk me so much that I have to say something about them. Current verses above the line; two older verses below it.


last modified 18 November 2017; last updated 18 November 2017

Front page Valid HTML 4-01 Transitional Valid CSS 2-1